uit www.dekrantvantoen.nl
Himbo wat is it
sunt 23 decimber 1936
Wat foar tiid wie it toen?
950 Hushaldens
16 strjitten
doarpsbevolking fan 3200 inwenners
doch wiene der 180 undernimmers mei ynkomsten ut eigen berdriuwen en ek nog 130 meiwurkers. Yn totaal wie 35% fan e Burgummer hushaldings wurkseam yn e detailhannel.
sa wiene er 29 krudenierswinkels (7 in e skoalstrjitte, 8 op e Legewei en 6 op e nijsted
13 bakkerijen
14 siedhannels
4 kappers, dat leste is behoorlik tanam
dat joeg in enorme drokte in it doarp, hast net te leauwen
Se hienen it net best die winkelmannen, 80 oeren wurkje, der wie gjin winkelsluting, de minsken kamen gewoan achterom as e winkel ticht wie. De ferhalding winkelman en klant wie doe ek oars. De maatskappelike status fan in winkelman wie net sa heech. Klanten betelden lang net op tiid en “boargjen” wie destiids in kwealike gewoante en hat mannich winkelman de kop koste yn die jierren.
By de ambachtslju sa as de smit, verver en fytsmakker wie it doe nog de gewoante om rekkens in janewris fan it nije jier te beteljen. Vaak kriegen se de sinten dan pas yn april.
De sinten wienen krap en drtorch wie de konkurensje moardend.
Een arbeider fertsjinde 15 gune yn e wike, een ambtner 18 gune. Omdat de meeste klanten net sa folle te spandearjen hienen , is it begryplik dat de middenstanners it net makelik hienen. It wie ek in die tiid dat de jonge middenstanners it oansjen fan harren branzje ferheagjen woenen troch organisaasje en foarljochting en derfoar war de HIMBO oprjochte mei it doel om mienskippelijk wat foar de pleatslike middenstan te berikken op it med fan gearwurking en reklame.
winkelwiken waarden organisearre
etalaazjewedstriden en oare aktiviteiten.
der kaam in Swarte list om e wanbetellers under de klanten oan inoar troch te jaan.
Yn 1935 kaam de vestigingswet MKB mei it doel de lytshannel te sanearjen.
een middenstansdiploma waard ynfierd.
Himbo organisearde in stoomcursus foar de winkellju in it alde doarpshus. De dosinten wienen de skaolmasters Huisman en Feenstra ut Burgum. Yn in tiidrek fan amper in jier koenen de measte winkellju oan de easken fan e nije festingswet foldwaan.
Troch de ontseane kontakten op de jonnigs fan dizze cursussen kaam it onderlinge oerlis ek mear op gong. men learde fan inoar, konkurenten wie ek mar gewoane minsken wer man wat fan leare koe.
Yn 1937 gong it ekonomisch ek wat better yn Nederlan, doch dernei kam de oarlog. Distributiebonnen waarden ynfierd. Dizze bonnen moesten ynlevere wurde by it belestingkantoar. Dat kaam hiel krekt, want oars hie de winkelman gjin guod meer in e winkel.
De ferhalding tusken winkelman en klant feroare in dizze tiid en waard better.
Troch de utbreiding fan Burgum naam ek de middenstan ta en waard it noadig om it sintrum oan te passen. Troch gearwurking mei de Himbo, Doarpsbelangen en de winkelhiemkommisje kaam it winkelhiem tot stan.